Earste spoartunnel te plak

De wurksumheden oan de tunnel
Ien fan de twa tunnels, dy't dit wykein by Ljouwert ûnder it spoar nei Snits skood wurde, leit te plak. It giet om de tunnel yn de Ljochtewei. De 1800 ton weagjende tunnel is de ôfrûne moannen neist it spoar makke. Freedtenacht om tsien oer trijen is úteinset om de bak ûnder it spoar te skowen. Dat wurk wie sneontemoarn tsjin healwei sânen klear. Yntusken wurdt it spoar wer berydber makke. De oare tunnel wurdt sneontenacht te plak skood. Dy komt yn de Hendrik Algrawei.