Manlju pakt foar mishanneling

Fytser oerfallen yn fytstunnel © Omrop Fryslân
Twa manlju fan 19 en 21 jier út Drachten hawwe freedtenacht in 33-jierrige plakgenoat mishannele. Dizze man hie in 22-jierrige freondinne fan it duo lestich fallen. Dat barde oan de Noordkade yn Drachten. De beide kennissen fan de frou hellen ferhaal by de man, en joegen him klappen. De plysje hat alle trije manlju oanholden. Se sitte fêst foar fierder ûndersyk. De frou oerwaget noch of se oanjefte docht tsjin de 33-jierrige Drachtster.