Premjêre muzykstik Jan de Haan

13 jul 2013 - 10:47

Op it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade giet sneon in stik fan komponist Jan de Haan út Oranjewâld yn premjêre. It giet om 'De Ruigewaard', dat De Haan yn opdracht fan muzykferining Excelsior út Gryptsjerk skreau. De komponist liet him by it skriuwen ynspireare troch gregoriaanske muzyk út de trettjinde ieuw. It muzykkonkoers yn Kerkrade is it grutste evenemint op it gebiet fan blaasmuzyk. It duorret fjouwer wiken en lûkt sa'n 650.000 besikers. Under de dielnimmers binne ek Fryske muzykferienings.

Nei it optreden fan Excelsior Gryptsjerk twittere Jan de Haan dat hy tige grutsk wie op de prestaasje fan it korps. 'Geweldige De Ruigewaard'. Een uitstekend optreden', sa liet hy witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)