Ljouwerter nei Olympiade

De Ljouwerter gymnasiumlearling Djurre Tijsma reizget sneon ôf nei Kolombia foar de ynternasjonale wiskunde Olympiade. Djurre is ien fan de seis bêste learlingen út Nederlân op it mêd fan wiskunde. De kompetysje fynt ein dizze moanne plak, mar nije wike is der in spesjale treningswike yn Kolombia. Der dogge wiskundelearlingen fanút de hiele wrâld mei oan de Olympiade. Mei-inoar komme de goed 600 learlingen út sa'n 100 ferskate lannen wei. De útslach wurdt op 27 july bekend makke.