Brêge Ofslútdyk is wer iepen

12 jul 2013 - 19:53

It ferkear op de Ofslútdyk kin sûnt freedtejûn wer oer de draaibrêge oer de Lorentzslûzen. It mankemint oan de brêge is earder ferholpen as at Rykswettersteat ferwachte hie. It mechanyk dat de brêge optilt en wer sakje lit, die it net goed. Yn it oanstjoeringssysteem wiene de fentilen trochbaarnd. Dy binne ferfongen. It mechanyk rûn fêst trochdat de lagers fersliten wiene. Dy binne demonteard en mei de hân neimakke. Neidat de nije lagers monteard wiene, is proefdraaid mei de brêge. Dat is goed ferrûn en dêrnei koe de brêge wer iepensteld wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)