Gouden Swipe foar Tjalsma

De Gouden Swipe op 'e Jouwer is freedtemiddei wûn troch Hiltje Tjalsma fan Tsjerkwert. It twadde en tredde plak wie foar Samantha Stolker en Gretha Posthumus. Tjalsma wie al tipt as winner en wist dat dus wier te meitsjen. Se krige de gouden swipe út hannen fan Mary Looman, boargemaster fan de gemeente Skarsterlân. Op de Nutsbaan seagen goed 2000 besikers nei de wedstriden. De organisaasje hope troch it moaie waar en simmerfakânsje op 4000 belangstellenden.