'Ljouwert bêste binnenstêd'

Ljouwert is opnij nominearre foar de titel 'Beste Binnenstad van Nederland'. Dat barde yn 2010 ek al. Doe sûnder sukses. Ljouwert moat no konkurrearje mei Amsterdam, Den Haag, Dordrecht en Haarlem. In kommisje kiest yn septimber twa finalisten. Foardat de sjuery de winner bekend makket, wurdt der yn beide stêden in konsuminte-ûndersyk hâlden. Fierder krije de twa finalisten noch de kâns om de sjuery te oertsjûgjen.
De winner wurdt yn novimber yn Eindhoven bekend makke. Alle fasetten fan de binnenstêd wurde beoardield. De winner fan de 'De Beste Binnenstad' moat him ûnderskiede fan alle oare binnenstêden fan Nederlân.