Heechste punt Raadhuisplein

12 jul 2013 - 16:43

De bou fan it Raadhuisplein yn Drachten hat freed it heechste punt berikt. Der wurdt sûnt jannewaris ferline jier wurke oan it bouprojekt. Op it nije Raadhuisplein komt in parkeargaraazje foar 700 auto's, 21.000 kante meter winkelromte en 187 hûzen. It grutste part fan de nijbou is begjin takom jier klear. De ferwachting is dat it folsleine projekt begjin 2016 oplevere wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)