Antonius Snits bêste sikehûs

It Antonius sikehûs yn Snits is it bêste sikehûs fan Nederlân as it giet om kwaliteit, berikberheid en omgong mei minsken. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Ziekenhuismonitor GfK, ûnder 67.000 minsken yn hiel Nederlân. Alle sikehûzen binne dêrfoar yn kaart brocht. Undersikers ha minsken frege op grûn wêrfan't se kieze foar in bepaald sikehûs. It Antonius kaam as bêste út de bus. Op nûmer twa stiet it Sint Anna Sikehûs yn Geldrop, en op nûmer trije it Ikazia sikehûs yn Rotterdam.