Echtpear ferwûne op Flylân

12 jul 2013 - 15:01

In âlder echtpear út Feanwâlden is tongersdeitemiddei ferwûne rekke op de seedyk by de Waadsee op Flylân. De man en frou fan 81 jier wiene mei in scootmobyl op 'n paad. Se rieden de dyk op mar kamen der healweis achter dat it paad te smel wie. Doe't se keare woene gie it mis. Se rôlen de dyk ôf. De scootmobyl kaam tsjin in wenning ta stilstân. De man en frou kamen heal ûnder de mobyl telâne en rekken ferwûne. De frou koe op it eilân behannele wurde. De man is mei in helikopter nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
plysje Flylân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)