Facebookrellen: 16 moanne sel

De mobile ienheid moast optrede by de Facebookreboelje yn Haren © ANP, Catrinus van der Veen
Tsjin in man út Boalsert is 16 moanne selstraf easke, wêrfan 4 moanne ûnder betingst foar syn oandiel oan de facebookrellen yn Haren. Ek moat hy 500 euro stoarte yn it fûns dat oprjochte is om skea dy't ûnstien is troch de rellen te beteljen. De facebookrellen mei de namme ProjektX yn Haren wiene op 21 septimber ferline jier. Tongersdei stiene tsien fertochten foar de rjochter. Freed nochris fjouwer. De útspraak is op 25 july.