REC oant moandei stillein

12 jul 2013 - 12:46
REC ôffaloven - Foto: Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma

De ôffaloven yn Harns leit oant moandei stil. Yn de stoomtsjettel fan de REC is tongersdei in lek ûntstien. Hoe't dat gebeure koe, wurdt noch ûndersocht. De oven is fuortendaliks stillein. De reparaasje kin pas plakfine as de liedingen en de tsjettel ôfkuolle binne. Dan wurdt ek besocht de oarsaak te achterheljen.

Trefwurden: 
REC Harns ôffaloven
(Advertinsje)
(Advertinsje)