Man oanhâlden foar bedriging

12 jul 2013 - 10:15

De plysje hat tongersdeitejûn in 59-jierrige ynwenner fan Alde Leije oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht dat er in doarpsgenoat bedrige hat. Dat barde fia de tillefoan. Letter smiet de fertochte ek noch in stien tsjin it rút fan syn doarpsgenoat. Dy belle doe de plysje en die oanjefte. De plysje hat de man oanhâlden en fêstset op it plysjeburo. Dêr sit er noch foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje bedriging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)