Strangere easken by Pabo's

20 jan 2012 - 12:35

De kâns is grut dat de Pabo's meikoarten learlingen noch stranger selektearje sille. De takomstige masters en juffen moatte net allinnich toetst wurde op taal en rekkenjen, mar ek op ierdrykskunde, skiednis, Ingelsk en natuer & technyk. It giet om in advys dat yn in rapport stiet dat freed presintearre wurdt oan de HBO-ried.

De PABO fan hegeskoalle Stenden yn Ljouwert en dy fan de Noardlike Hegeskoalle binne bliid mei it advys. It is goed foar de kwaliteit fan de oplieding.

Se hâlde by de NHL wol rekken mei in tydlik lytsere ynstream fan nije learlingen.

It bestjoer fan de HBO-ried sil it advys yntern besprekke. Dêrnei sil it meinaam wurde yn oerlis mei it basisûnderwiis en it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)