Siler Wylde Swan ferstoarn

12 jul 2013 - 09:24

It lichem fan de siler fan de Wylde Swan dy't om it libben kaam is by in rêdingsaksje op de Baltyske See, sit noch fêst yn it skip. Helptsjinsten binne dwaande om it stoffelik omskot fan de man der út te heljen. De siler is ferdronken. De Wylde Swan wie ûnderweis nei de Tallships Race 2013 yn Helsinki, doe't it in melding krige fan in oar skip yn problemen. Trije bemanningsleden fan de Wylde Swan giene oan board fan it oare skip om te helpen. Twa dêrfan koene letter troch in helikopter wer fan board helle wurde. De tredde waard fermist.

Hy koe net mear rêden wurde. De Wylde Swan is yntusken oankaam yn Visby, in havenplak op it eilân Gotlân yn de Baltyske See.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)