Siler Wylde Swan fermist

11 jul 2013 - 17:40

In siler fan it Fryske tallship Wylde Swan wurdt fermist op de Baltyske see, sa meldt zeilen.nl. De Wylde Swan wie ûnderweis nei de Tallships Race Helsinki doe't se melding krigen fan in oar skip yn problemen. De Wylde Swan socht nei it sinkende skip en neidat it skip fûn wie giene trije bemanningsleden fan de Wylde Swan oan board om de tsien opfarrenden te rêden. Dat slagge net, wêrnei't twa fan de bemanningleden fan de Wylde Swan troch in helikopter fan board helle waarden. De tredde wurdt fermist. Hy hat wol in swimfest en in sylpak oan.

Der wurdt mei helikopters en rêdingsboaten om him socht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)