Gjin wykeintreinen nei Starum

11 jul 2013 - 17:10

Reizgers dy't dit wykein nei Starum wolle moatte mei de bus, want der ride gjin treinen, omdat der ûnderhâldswurksumheden plakfine op it trajekt Ljouwert - Starum. Op alle stasjons steane bussen klear om de minsken fierder te bringen. Der kin gebrûk makke wurde fan de treinkaartsjes.

Moandeitemoarn ride de treinen wer. Reizgers komme dus te plak, mar moatte wol rekken hâlde mei langere reistiden. Ofhinklik fan de bestimming maksimaal in heal oere.

Trefwurden: 
Starum Arriva
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)