PvdA-soargen oer Elkien

Elkien © Google Street View
De PvdA yn Ljouwert makket him soargen oer de takomst fan wenningkorporaasje Elkien. Neffens de PvdA stiet Elkien der finansjeel min foar en binne se net slagge foar de saneamde stresstest. Dat soe betsjútte dat Elkien minder jild hat foar nijbou of renovaasjeplannen.
De Ljouwerter PvdA wol no fan it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders witte wat de gefolgen dêrfan foar Ljouwert wêze sille. Ek wol de partij witte wat de gemeente of de provinsje sels dwaan kin om dizze problemen op te lossen.