Soad beswier tsjin hege hier

11 jul 2013 - 16:26

Fryske wenningboukorporaasjes dy't meidien hawwe oan de ynkommensôfhinklike hierferheging, hawwe folle mear beswieren fan hierders krigen, as oare jierren. Yn ús provinsje giet it û.o. om Wonen Noordwest Fryslân en Thús Wonen. Sy keazen der foar om de hieren foar minsken mei in heech ynkommen mei 6,5% te ferheegjen.

Se makken lykwols gebrûk fan gegevens fan de belestingtsjinst fan 2011. Troch ûntslach, pensioen of skieding hat in part fan de hierders yntusken minder ynkommen. De beswieren wurde de kommende moannen besjoen.

As oantoand wurdt dat it ynkommen yndied feroare is, wurdt de hier dêr op oanpast. Beide korporaasjes sizze dat de oanlevering fan de ynkommensgegevens troch de belestingtsjinst hiel muoisum gong. Meiwurkers hawwe in soad ekstra oeren bestege oan de kontrôle fan de ynkommens. "In drama", seit wurdfierder Menno Kanger fan Thús Wonen.

Trefwurden: 
beswier hiersferheging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)