Baggerslib as fundearring dyk

11 jul 2013 - 16:02

Op it Noardwest-tangent is tongersdei úteinset mei in proef foar it brûken fan fersmoarge baggerslib as dykfundearring. Dat slib soe yn de takomst de tradisjonele dykferhurding ferfange kinne.

Dizze wurkwize hat foar de provinsje in soad foardielen. Sa hoege se it slib net langer op te slaan yn spesjale depots. De oanlis fan dyk rint troch de proef al fertraging op. It slib droege minder hurd as ferwachte. De dyk giet no net yn augustus iepen, mar yn novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)