Folsleine kust wurdt himmele

© Omrop Fryslân
In groep frijwilligers makket yn augustus de folsleine Noardseekust skjin. It giet mei-elkoar om goed 350 kilometer strân fan Cadzand yn Seelân oant Skiermûnseach yn Fryslân. Se dogge der 24 dagen oer. By it skjinmeitsjen sille de frijwilligers ek byhâlde wat se krekt tsjinkomme.
By eardere himmelaksjes die bliken dat der rûchwei 450 dingen lizze op elke 100 meter strân. It giet dan bygelyks om tou, plestik pûden, dopkes fan flessen en sigarettepeuken. De skjinmakaksje begjint op 1 augustus.