Harns dreech mei eveneminten

11 jul 2013 - 14:32

De gemeente Harns stelt faak te hege easken oan lytse eveneminten yn de stêd. Dat seit ûndernimmer René Rijksen fan café Route '66. Kommende sneon wol hy mei in oar restaurant in mokselfeest organisearje, mar dat drige hast net troch te gean. Foar de fergunning moasten de ûndernimmers bygelyks sels ekstra befeiliging regelje wêrtroch de kosten te heech oprinne soene.

Yntusken is der in kompromis sletten, mar it punt bliuwt wol dat de gemeente lytse eveneminten soms as te gefaarlik ynskat op grûn fan it evenemintebelied.

Boargemaster Roel Sluiter seit dat it evenemintebelied krekt hiel wichtich is foar de gemeente Harns om de feiligens yn de stêd te garandearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)