Provinsje achter buertbussen

11 jul 2013 - 13:52

De provinsje hâldt betrouwen yn lytsskalige busprojekten mei frijwillige sjauffeurs, ek al is de Omnibus by Burdaard mislearre. Deputearre Kramer wol sels ekstra subsydzje útlûke foar sokke projekten.

De Omnibus moast bewenners fan bygelyks Wânswert, Ginnum en Jislum foar 2 euro nei de bushalte by Burdaard bringe. It oantal passazjiers bleau lykwols fier achter by de ferwachtings. De provinsje stipe it projekt mei 35.000 euro. N

Neffens deputearre Kramer is dat gjin weismiten jild, neffens him is it krekt goed om proeven mei oare foarmen fan ferfier te dwaan. Hy wiist op it projekt mei de PlusBus yn Opsterlân, dat neffens him wol suksesfol is.

Trefwurden: 
Omnibus buertbus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)