Opknapbeurt huzen yn Dokkum

11 jul 2013 - 13:02

Wenningboukorporaasje Thus Wonen sil 300 hierwenten yn Dokkum drastysk renoveare. De huzen yn de wyk Hoedemakerspolder sille sawol oan de binnen- as oan de bûtenkant oanpakt wurde. Der wurde ek in tal wenten fanwege it achterstallich ûnderhâld sloopt en ferfongen troch nijbou. Guon hierders krije de mooglikheid om har wente te keapjen. De bewenners kleie al jierren oer focht- en isolaasjeproblemen. Ek binne der klachten oer it wenkomfort.

De grutskalige renovaasje duorret sân jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)