Folle minder appels en parren

De opbringst fan appels en parren liket slim ôf te fallen. Fergelike mei de rike bloei fan de fruitbeammen sit der kwalik frucht oan de beammen. Dat is de yndruk fan fruitbeamsaakkundige Auke Kleefstra fan it Griene Nêst yn Sumar.
De lêste jierren falt de rispinge fan appels en parren geregeld ôf. De prizen yn de winkels binne dan ek relatyf heech. It produktskip Túnbou seit tongersdei in ridlike rispinge te ferwachtsjen, mar dat byld herkent Kleefstra net.