Yn Fryslân minder longkanker

Friezen dy't op it plattelân wenje ha 20% minder kâns op it krijen fan longkanker troch fyn stof as minsken dy't yn de stêd wenje. Dat docht bliken út ûndersyk fan de universiteit fan Utert. Fyn stof binne hiele lytse dieltsjes dy't frijkomme by ferbrâning. Útlaatgassen fan auto's binne ien fan de grutste boarnen.
Neffens ûndersiker Gerard Hoek wurde de gefolgen fan it ferheegjen fan de maksimum snelheid nei 130 kilometer yn de oere dan ek ûnderskat. Minsken dy't yn de buert fan sneldiken wenje rinne no wer hegere risiko's.
Op de Waadeilannen wennet men it bêste, de lucht is dêr it skjinst fan hiel Nederlân.