Rekôrs foar Hulder en De Boer

Bart Helmholt © awfoto.nl
Fierljeppers Lisanne Hulder en Hans Ulco de Boer soargen woansdeitejûn yn Drylts foar de opfallendste sprongen. Hulder ljepte by de froulju de winnende sprong fan 15.90 meter, wat in nij skânsrekôr betsjutte. By de junioaren kaam De Boer ta 19.61 meter, wat him de winst én in nij persoanlik rekôr opsmiet.
By de senioaren gie de winst nei Bart Helmholt. Mei syn winnende sprong fan 20.10 meter bleau hy Nard Brandsma (19.30) en Oane Galama (18.66) foar. Bobby Zwaagman wie by de jonges de bêste mei 17.51 meter.