Supermerk Talant langer iepen

20 jan 2012 - 11:42

De Talantsupermerk yn Wurdum bliuwt twa moanne langer iepen as earder it doel wie. De winkel giet net op 1 febrewaris. mar op 1 april ticht. Soarchferliener Talant wol sa de mooglike keaper fan de supermerk ekstra tiid jaan om de winkel oer te nimmen.

Talant makke ein ferline jier bekend de supermerk yn Wurdum ferkeapje te wollen. It kin net mear út. Tsien kliïnten fan Talant wurkje yn de winkel. Talant seit dat der noch altyd twa gadingmakkers binne.

It is noch net wis oft de oername finansjeel helber is foar de twa gadingmakkers. Dat sil de kommende wiken útsocht wurde.

Trefwurden: 
supermerk Talant Wurdum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)