Eenhoorn kin 5 jier foarút

© Omrop Fryslân
As it oan de gemeente Frjentsjerteradiel leit, krijt Radio Eenhoorn ek de kommende fiif jier stjoertiid. Radio Eenhoorn is de lokale omrop foar trije gemeenten. Neist Frjentsjerteradiel binne dat Menameradiel en It Bilt. Sy binne ek posityf.
Op 19 febrewaris rint de perioade ôf dat Eenhoorn útstjoere mei. De lokale omrop foldocht oan de easken fan it Kommissariaat foar de Media. Allinnich it karbrief foldocht net mear hielendal oan de Mediawet. Finansjele problemen soargje derfoar dat Radio Eenhoorn de statuten noch net oanpast hat.