Folksuniversiteit giet troch

De Beurs yn Ljouwert dêr't Kampus Fryslân yn sit
De Folksuniversiteit Fryslân makket in trochstart. Fan 18 febrewaris ôf sette de earste kursussen foar folwoeksenen wer útein.
Goed in jier ferlyn luts it Friesland Colllege de stekker derút om't it te djoer waard. Benammen it hieren fan romten foar de kursussen wie in probleem. De trochstart fan de folksuniversiteit is in inisjatyf fan de Stifting Bibliotheken Midden-Fryslân. De lessen wurde jûn yn de biblioteken.