Wurk oan brêge Koarnwertersân

19 jan 2012 - 19:05

Rykswettersteat begjint kommende moandei mei wurk oan de brêge by Koarnwertersân. It giet om reparaasje fan it weidek fan de noardlike brêge fan it slûzekompleks. Ferkear wurdt salang oer de oare weihelte laat. It fytspaad kin wol gewoan brûkt wurde, ek wurdt de brêge gewoan betsjinne. Doel is dat it wurk oan de ein fan woansdei klear is. Rykswettersteat warskôget wol dat it wurk mooglik útsteld wurdt, as it waar te min is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)