Olivier 'Jongere van het Jaar'

19 jan 2012 - 18:19

Olivier van de Voort (14) út Elslo is útroppen ta 'Jongere van het Jaar'. It giet om in lanlike ferkiezing fan jongereinkrante 7Days. Olivier ferlear 2,5 jier lyn in diel fan syn skonk troch in ûngelok mei in hynder. Nei in lange revalidaasje slagge it him in heech nivo te berikken by it swimmen.

Olivier wie ien fan de sân kandidaten dy't foar de titel yn oanmerking kaam. Hy krige in kwart fan de goed 3000 fia yntenet útbrochte stimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)