Toskedokter 3 moanne skorst

Toskedokter © Omrop Fryslân
De toskedokter achter de Tandzorgpraktijken yn Ljouwert, Sint Nyk en Assen wurdt foar trije moanne skorst troch it medysk tuchtkolleezje. Nei in klacht fan in pasjinte yn Assen kaam oan it ljocht dat er in Irakeeske mûlhygiënist toskedokterswurk dwaan liet. Dy die him foar as toskedokter. Yn de praktyk waarden ek fierste folle kosten yn rekken brocht.
Sûnt novimber hâldt de sûnensynspeksje de Ljouwerter praktyk skerp yn de gaten omdat der twifels binne oan de kwaliteit fan de soarch.