Strân Skylge wurdt net oanfold

Rykswettersteat sil it strân fan Skylge by peal 7 net breder meitsje. De strânsylferiening fan Skylge hie dêrom frege.
Troch de stoarm fan ferline wike is sa'n soad sân fuortwaaid dat de feriening net langer grutte wedstriden lykas in EK of WK hâlde kin. Dat is foar Rykswettersteat gjin reden om nij sân op te spuitsjen. Der is gjin gefaar foar de feiligens, neffens Rykswettersteat. Boppedat foldocht de breedte fan it strân oan de ôfspraken dy't mei de gemeente makke binne oer de basiskustline.