Wetsus hopet op mear ryksjild

19 jan 2012 - 12:03

Direkteur Johannes Boonstra fan Wetsus hopet op noch mear jild fan it Ryk. Allinnich dan kin Wetsus oant 2020 útgroeie ta it Europeesk sintrum foar wettertechnology.

It Ryk sei woandei 19 miljoen euro ta foar it wetterynstitút. Dat jild komt út de subsydzje dy't al foar it Noarden bestimd wie as kompensaasje foar it net trochgean fan de oanlis fan de Suderseeline. De spoarline fan de Rânestêd troch de Iselmarpolders nei it Noarden is yn 2007 in streek troch set.

Njonken it Ryk en de provinsje Fryslân binne der op dit stuit sawat njoggentich bedriuwen dy't ek jild stekke yn Wetsus. Yn totaal sawat 4 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)