Spoekrydster op kop Ofslútdyk

19 jan 2012 - 10:25

In 58-jierrige automobiliste út Amsterdam moast woansdeitenacht it rydbewiis by de plysje ynleverje, omdat se oan it spoekriden wie op de kop fan de Ofslútdyk. De frou ried op de A7 earst nei de Ofslútdyk ta en woe doe werom nei Harns. Dat mislearre sadat se yn de ferkearde rjochting de sneldyk op gie.

Oare autobestjoerders warskôgen de plysje. Doe't dy oankaam, hie de frou sels de auto al yn de middenberm set. It die bliken dat se tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
A7 spoekride
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)