Keamerfragen oer belied Elkien

Elkien © Google Street View
Jack Monasch fan de PvdA tsjinnet tongersdei yn de Twadde Keamer in moasje yn om minister Spies op oare gedachten te bringen. Monasch is it net iens mei har reaksje oer de plannen fan wenningboukorporaasje Elkien fan It Hearrenfean. De korporaasje wol him werom lûke út de lytse doarpskearnen, troch hierwenten te ferkeapjen. Neffes Monasch is dat de dea yn de pot foar de doarpkes. Hy fynt dat de minister krekt soargje moat foar de leefberens yn de doarpen
De PvdA'er stelde skriftlike fragen oan de minister en út de antwurden docht bliken dat de minister it hieledal iens is mei Elkien. Monasch rekkenet foar syn moasje op stipe fan ûnder oare de koälysjepartijen it CDA en de PVV.