Ryksjild foar Wetsus

18 jan 2012 - 17:22

Wettertechnology-ynstitút Wetsus yn Ljouwert krijt de kommende fjouwer jier 19 miljoen euro. De provinsje hat dy tasizzing fan minister Maxime Verhagen fan ekonomyske saken krigen. It jild komt út de subsydzje dy't al foar it Noarden bestimd wie as kompensaasje foar it net trochgean fan de Suderseeline.

Njonken dy 19 miljoen euro hoopje de provinsje en Wetsus dat it Ryk noch inkele miljoenen ekstra subsydzje jaan sil. Dat sil foar 1 maart dúdlik wurde.

Njonken it jild dat it Ryk en de provinsje oan Wetsus betelje, ynvestearje op dit stuit sa'n 90 bedriuwen ek jild yn Wetsus.

Trefwurden: 
Wetsus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)