Himpkwekerij yn Ljouwert

Oan de Gealannen yn Ljouwert is woansdei in himpkwekerij ûntmantele. Yn de wenning fûn it himpteam fan de plysje Fryslân 267 planten. Dy wiene hast klear foar de rispinge. De stroom waard yllegaal ôftape. Dat wie sa dien dat it gefaarlik wie.
Der waard yn de wenning net ien oantroffen. De plysje giet derfan út dat de kwekerij der al in skoft siet en dat der earder ek al in rispinge west hat.