Thialf tsjin 400-baan Ljouwert

18 jan 2012 - 16:46

In 400 meter baan yn Ljouwert is in ûnsillich plan. Dat seit direkteur Nieweg fan Thialf. As der sa'n baan komt konkurrearje de twa banen elkoar dea, sa is syn miening. Thialf hat al behoarlik lêst fan de krisis. Der komme al folle minder besikers as de jierren dêrfoar.

Yn febrewaris wurde de plannen foar de baan yn Ljouwert en de bou fan in nij Thialf of de ferbou fan de besteande hal besprutsen mei de provinsje. It mei dúdlik wêze mei hokker boadskip Thialf dêr hinne giet.

Trefwurden: 
Thialf Jarko Nieweg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)