Piter Jelles noch ien ateneum

18 jan 2012 - 16:31

Skoallemienskip Piter Jelles yn Ljouwert hâldt op mei in apart Montessori ateneum foar de heechste klassen. It tal learlingen is te lyts om de kwaliteit op peil te hâlden. Yn de boppebou moatte de klassen splitst wurde oan de hân fan de profilen foar kultuer, ekonomy, sûnens en natuer. De kosten wurde dan ek te heech.

Piter Jelles wol de heechste klassen fan it Montessori en de ateneumôfdieling fan de skoalle Aldlân byelkoar bringe. Dan binne der per learjier sawat 75 learlingen.

De âlden en learlingen binne yntusken yn in gearkomste en mei in brief op de hichte brocht. De feroarings gean yn op 1 augustus fan dit jier.

Trefwurden: 
Piter Jelles ateneum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)