Nominaasje Elsloër Olivier

18 jan 2012 - 13:11

De 14-jierrige Olivier van de Voort fan Elslo is nominearre foar jongere fan it jier. Hy hat by in slim ûngelok mei in pony in part fan syn skonk ferlern, it diel oant de knibbel. It is no twa jier letter en nei in skoft fan revalidearjen is er der wer boppe-op kommen. Hy is op it stuit sels in topswimmer. Ofrûne wykein is er Frysk kampioen wurden by de 'gewoane' swimmers. Hy wurket der hurd foar en traint hast elke dei.

Der binne acht jongeren nominearre foar de titel. Tongersdei wurdt yn Amsterdam de winner bekend makke.

Trefwurden: 
Elslo Olivier van de Voort
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)