Gemeente mei roeken oanpakke

18 jan 2012 - 12:21

Weststellingwerf hat lang om let tastimming fan it ministearje krigen om wat te dwaan oan de roeken yn de gemeente. Op sân plakken soargje de fûgels foar grutte oerlêst, troch de stront en it leven dat se meitsje. Underoaren op it algemiene begraafplak yn Wolvegea is de oerlêst grut. Neibesteanden doarden fanwege de roeken de grêven net iens mear te besykjen.

Gewoanwei binne de roeken hielendal beskerme, mar no hat de gemeente in ûnheffing krigen fan it ministearje fan Lânbou om de roeken mei knallen en ljochtflitsen te ferjeien.

Ek gean gemeentemeiwurkers de beammen yn om de nêsten te fernielen.

Trefwurden: 
roeken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)