Man pakt frou by de kiel

18 jan 2012 - 10:56
Foto: Omrop Fryslân

Op it plysjeburo fan Frjentsjer is tiisdei in 33-jierrige ynwenner fan Tsjom oanhâlden. Hy wurdt der fan fertocht syn frou fan 31 jier mishannele te hawwen. By in skeel soe er har by de kiel pakt ha.

De frou die oanjefte fan de mishanneling. Sadwaande krige de man in útnoeging om op it plysjeburo te ferskinen.

Trefwurden: 
mishanneling Tsjom
(Advertinsje)
(Advertinsje)