Laptop út fytstas stellen
In 41-jierrige frou út Ljouwert is moandei yn har wenplak bestellen fan har laptop en medisinen. It guod siet yn har fytstas. Doe't se in antykwinkel ynrûn wie, waard troch in ûnbekende man de laptop en de medikaasje stellen.
Der is yn de omkriten fan de winkel noch socht nei de man en de bút, mar dat smiet neat op.