Hûn byt ear baas ôf

18 jan 2012 - 10:25

In agressive hûn hat tiisdeitemiddei it ear fan syn baas ôfbiten. Dat wie yn in hûs oan de Jelle Meineszleane yn Balk. De 44-jierige man waard fûn troch in post dy't in pakje ôflevere. Dy warskôge de ambulânsetsjinst, dy't de man nei it sikehûs brocht hat. Dêr is besocht it ear der wer oan te setten.

De agressive hûn is fuorthelle troch de diere-ambulânse en letter ôfmakke. It giet om in American Staffordshire.

Trefwurden: 
Balk hûn ear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)