Fermiste man Skier fûn

18 jan 2012 - 06:12

Op Skiermûntseach is de man fûn dy't sûnt tiisdeitejûn fermist waard, dat meldt de plysje. It giet om in man fan 68 jier út Deventer. Hy wie op Skiermûntseach op fakânsje. Hy wie te fytsen, mar rekke it paad bjuster op de kwelder oan de súdkant fan it eilân.

Fia in sms'ke krige er kontakt mei syn famylje en doe waarden de helptsjinsten warskôge. Dêrnei waard in burgernetaksje opset en giene plysje, brânwacht en de gemeente nei him op syk.

Dêrby waard ek in SAR-helikopter en in helikopter fan de plysje ynset. Dy fûn de man nachts om in oere as fjouwer. Hy wie doe flink beklomme, mar makket it fierder goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)