Grutte sykaksje op strân Skier
Op it strân fan Skiermûntseach wurdt mei man en macht socht nei in ferdwaalde kuierder. De man hat tiisdeitejûn alaarm slein, omdat er it paad kwyt is op it strân. Plysje, brânwacht en KNRM sykje nei de man. Jûns let sil noch in helikopter fleane om de man op te spoaren. De man hat kwalik berik mei syn mobile tillefoan. Wol koe er even foar tsienen noch in sms nei syn frou stjoere.