Keningsearn by Lauwersmar

17 jan 2012 - 17:32

By de moanlikse fûgeltelling yn it Lauwersmargebiet is in tige seldsume keningsearn sjoen. It giet om in jong eksimplaar fan in jier dat nei alle gedachten troch stoarm fan Skotlân yn Fryslân bedarre is. Ornaris komt in keningsearn allinnich foar yn bercheftige gebieten yn Skandinavië, Skotlân en Eastenryk. Trije fûgeltellers seagen it bist op in keardykje by it Dokkumer Grutdjip en makken in foto.

De keningsearn liket op de see-earnen dy't ek yn it Lauwersmargebiet sitte. Hy is allinnich mei in spanwiidte fan 1.70 meter wat lytser.

It bist kin goed oerlibje yn it Lauwersmargebiet omdat der genôch fretten is. De ferwachting is dat it bist meikoarten wer werom giet nei Skotlân of oars nei Eastenryk. De wittenskiplike namme fan de keningsearn is Aquila chrysaetos, yn it Nederlânsk wurdt de fûgel steenarend neamd.

Trefwurden: 
Lauwersmar earn keningsearn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)