Mem Oldenbroek teloarsteld

De mem fan Tom Oldenbroek út Parregea leit har der net by del dat it ûndersyk nei it ferstjerren fan har soan sletten wurdt. Tom wie 17 jier, doe't er yn 2000 dea fûn waard yn in sleat by Skraard. Tiisdei waard bekend dat der twa fertochten west ha, mar dat dy net ferfolge wurde fanwege it ûntbrekken fan bewiis en dat it ûndersyk stopset wurdt.
Syn mem oerwaget no in boaiemproseduere te begjinnen. Frou Oldenbroek is teloarsteld oer it beslút fan it Iepenbier Ministearje om it dossier te sluten.